Noardlik Firginia

Noardlik Firginia (read) yn 'e Amerikaanske steat Firginia.

Noardlik Firginia (Ingelsk: Northern Virginia, soms ôfkoarte ta NOVA) is in gebiet yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Firginia dat ta de stêdekloft fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. heart. It gebiet hat sa'n 2,8 miljoen ynwenners (likernôch in trêdepart fan 'e totale befolking fan Firginia), en der lizze ferskate grutte stêden dy't foarstêden fan Washington, D.C. binne, lykas Alexandria en Arlington. Ek binne der in protte Amerikaanske federale oerheidsynstânsjes fêstige. Noardlik Firginia is it rykste en meast woltierige diel fan Firginia.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search